11 mei 2026
Fan 22 oant 25 septimber fynt dit jier de Frouljusmoeting plak yn Noard-Fryslân (Sleeswyk-Holstein). By dit útstapke wurde ûnder mear de Nordsee Akademie yn Leck en de GreenTEC-Campus yn Enge-Sande besocht. It treffen wurdt troch de Fräiske Rädj (it Noardfryske suske fan de Fryske Rie) op priemmen set. Fryske froulju dy’t belangstelling kinne har oant 31 augustus by de organisaasje opjaan: sektion-nord-at-interfriesischerrat.de T: 0049-4671.6024.150 Oer ferfier en sokke saken kinne jo kontakt opnimme mei Aeltsje de Groot (Fryske Rie en ‘Vrouwen van Nu’): E: aeltsje@kpnmail.nl.