Lêzingen Fryske Akademy 2026-2027
Yn novimber fan dit jier set de nije rige Akademylêzingen wer útein.
Data De data foar de Akademylêzingen 2026/2027 binne fêstlein op: freed 13 novimber 2026, tiisdei 26 jannewaris 2027, freed 19 maart 2027
Programma Bygeand fine jo it programma mei de sprekkers. De froulju fan de wurkgroep Akademylêzingen ha wer in nijsgjirrich programma gearstald mei lêzingen oer aktuele, edukative, wittenskiplike en algemien-maatskiplike tema's.
Lokaasjes Jo kinne kieze tusken de lokaasje yn Ljouwert of op 'e Jouwer: - De Koperen Tuin, Prinsentuin 1, Ljouwert - Partycenrum It Haske, Vegelinsweg 20, De Jouwer
Kaartferkeap De kaartferkeap giet wer fia de webside fan de Fryske Akademy. Yn bygeand programma fine jo ûnderoan de beide links foar it bestellen fan de kaarten: in link foar de lokaasje Ljouwert (De Koperen Tuin) en de link foar De Jouwer (It Haske). Per lokaasje kinne der meardere kaarten yn jo bestelling oankocht wurde. Ek fia dizze link komme jo fia de webside by de kaartferkeap (tickets Leeuwarden/tickets Joure) út. De kaart is jildich foar alle 6 lêzingen. It is lykwols net mooglik om foar inkelde lêzings in kaart te keapjen of om ien lêzing foar in redusearre priis te bestellen.
Wy hoopje jim wer te begroetsjen yn ‘De Koperen Tuin’ te Ljouwert of yn ‘It Haske’ op ‘e Jouwer. Wy stelle it tige op priis as jo dizze útnûging trochstjoere wolle nei oare belangstellenden.
Graach oant sjen en alfêst in goede lêzingerige tawinske.
Mei út namme fan de wurkgroep Akademylêzingen, Akkie Lindeboom, foarsitter; Anneke de Vos, skriuwer; Aukje Dijkstra, Fenna Stoel, Froukje Swierstra en Jantsje Kalsbeek