Fryske Akademylêzingen 2022 geannuleerd

Opgelet! Nieuw bericht januari 2022:

Oan de dielnimmers en belangstellenden fan de Akademylêzingen,

Mei grutte spyt berjochtsje wy jo dat der besluten is om de hiele rige Akademylêzingen fan 2021-2022 net trochgean te litten. Dit jildt ek foar de ferfangende lêzing fan 13 maaie 2022. Sjoen de omstannichheden rûnom it Koroanafirus liket it ús net goed om byelkoar te kommen. Ek it ferskowen fan data makket alles der net dúdliker op.

Yn it winterskoft 2022-2023 hoopje wy wer in programma ree te hawwen.

Wy geane der fanút dat jo begryp ha foar dizze stap en hoopje jo yn de oankommende rige yn goede sûnens wer by de lêzingen te sjen. Jo kinne jo tsjin dy tiid dan fergees oanmelde. We sille besykje deselde sprekkers wer op it programma te krijen.

Mei út namme fan de wurkgroep Akademylêzingen graach oant sjen!

Foar fragen/ynformaasje:
Jitske Schaaf till. 0518-451367