Programma Fryske Akademylêzingen 2021-2022

Opgelet! Nieuw bericht juni 2021:

Oan de dielnimmers en belangstellenden fan de Akademylêzingen,

Begjin july 2020 ha wy jo ynformearre oer it beslút de rige Akademylêzingen fan novimber 2020 en jannewaris/maart 2021 troch te skowen nei 2021/2022. Fansels witte we noch altyd net oft tsjin dy tiid alle koroanaregels opheven binne, mar we ha de data foarearst fêststeld en de sprekkers en de lokaasjes ‘De Koperen Tuin’ yn Ljouwert en ‘It Haske’ yn De Jouwer regele.

Graach ynformearje wy jo, as eardere dielnimmer oan de Akademylêzingen of as stiper/lid fan de Fryske Akademy, oer de data en sprekkers fan it kommend seizoen. Dat binne:

Freed 19 novimber 2021:  Sprekkers

  1. Prof. dr. mr. Hylkje de Jong, hoogleraar Rechtsgeschiedenis: 'Romeins recht in Context’
  2. Rob Bruntink, auteur, journalist en expert palliatieve zorg: ‘hopen op het beste, voorbereiden op het slechtste'

Tiisdei 18 jannewaris 2022: Sprekkers

  1. Dr. Sander Ebbers, Intergrale Veiligheidskunde & onderzoeksgroep Cybersafety, NHL: ‘Hoe kun je als burger jezelf weerbaarder maken tegen cybercrime’
  2. Prof. dr. Hans Mol, ûndersiker midsiuwske skiednis, Fryske Akademy: ‘HiGgis yn de praktyk’

Freed 11 maart 2022: Sprekkers

  1. Prof. dr. Andre Aleman, heechlearaar ‘cognitieve neuropsychiatrie UMCG’: ‘Het seniorenbrein’
  2. Gerben Gerbrandy: ‘de funksje fan de Earste Keamer’

Wy freegje jo, oars as wy wend wiene, om ús fia de mail witte te litten oft jo oanwêzich wêze sille. Dit kin foar 15 oktober 2021 nei akaspers@fryske-akademy.nl, mei fermelding fan ‘Akademylêzingen’ en jo namme, adres, wenplak en de lokaasje Ljouwert of De Jouwer.  Tillefoanysk binne wy fanwege it thúswurkjen lestiger te berikken.

Earst as der grien ljocht jûn wurdt dat de lêzingen sûnder beperkingen hâlden wurde kinne, sille wy dyjingen dy’t harren opjûn hawwe fia de mail freegje om it bedrach fan € 30,-- oer te meitsjen. As it bedrach op ús bankrekken stiet, wurdt de tagongskaart mei it programma en ynformaasje oer de sprekkers nei 1 novimber 2021 fia de mail tastjoerd. Der sil foarearst gjin mooglikheid wêze om fia de Akademy webside op te jaan en tagelyk te beteljen.

Wy hoopje dat jo begrip hawwe foar dizze wat oanpasse wize fan opjaan/beteljen en hoopje dat jo de kommende lêzingen wer bywenje sille.

Mei út namme fan de wurkgroep Akademylêzingen alle goeds tawinke en graach oant sjen!

----------------------------------------------------------------

Aan de deelnemers en belangstellenden van de Akademylêzingen,

Begin july 2020 hebben wij u geïnformeerd over het besluit de Akademylezingen van van november 2020 en januari/maart 2021 te laten plaatsvinden in 2021/2022. Uiteraard is het nog altijd niet zeker of tegen die tijd alle coronamaatregelen zijn opgeheven, maar we hebben ondertussen de data voorlopig vastgesteld en de sprekers en locaties De Koperen Tuin’ in Leeuwarden en ‘It Haske’ in Joure geregeld.

Graag informeren wij u, als eerdere deelnemer aan de Akademylezingen of als donateur/lid van de Fryske Akademy, over de data en sprekers van het komende seizoen:

Vrijdag 19 november 2021: Sprekers

  1. Prof. dr. mr. Hylkje de Jong, hoogleraar Rechtsgeschiedenis: 'Romeins recht in Context’
  2. Rob Bruntink, auteur, journalist en expert palliatieve zorg: ‘hopen op het beste, voorbereiden op het slechtste'

Dinsdag 18 januari 2022: Sprekers

  1. Dr. Sander Ebbers, Intergrale Veiligheidskunde & onderzoeksgroep Cybersafety, NHL: ‘Hoe kun je als burger jezelf weerbaarder maken tegen cybercrime’
  2. Prof. dr. Hans Mol, onderzoeker middeleeuwse geschiedenis, Fryske Akademy: ‘HiGgis in de praktijk’

Vrijdag 11 maart 2022: Sprekers

  1. Prof. dr. Andre Aleman, hoogleraar ‘cognitieve neuropsychiatrie UMCG’: ‘Het seniorenbrein’
  2. Gerben Gerbrandy: ‘de functie van de Eerste Kamer’

Wij willen u vragen, anders dan wij gewend waren, om ons via de mail te laten weten of u aanwezig zult zijn. Dit kan vóór 15 oktober 2021 naar akaspers@fryske-akademy.nl, met vermelding van ‘deelname Akademylezingen, uw naam, adres, woonplaats en de locatie waar u de lezing gaat bijwonen (Leeuwarden of Joure). Telefonisch is de Fryske Akademy lastig te bereiken vanwege het thuiswerken.

Pas wanneer er groen licht wordt gegeven dat de lezingen zonder beperkingen kunnen worden gehouden, zullen wij diegenen die zich opgegeven hebben via de mail vragen het bedrag van € 30,-- over te maken. Wanneer het bedrag op onze bankrekening staat, wordt u de toegangskaart met het programma en de informatie over de sprekers na 1 november 2021 via de mail toegestuurd. Er zal vooreerst geen mogelijkheid zijn om via de website van de Akademy op te geven en te betalen.

Wij hopen dat u begrip zult hebben voor deze wat aangepaste wijze van opgave en betaling en hopen dat u de komende lezingen weer zult bijwonen.

Mede uit naam van de werkgroep Akademylezingen alle goeds toegewenst en graag tot ziens!

Mei freonlike groetnis,

Adriana Kaspers Sekretariaat Fryske Akademy

Doelestrjitte 8 Postbus 548900 AB  LJOUWERT

akaspers@fryske-akademy.nl