ús ynteressegroepen

 Interessegroepen van de afdeling Baarderadiel

Froulju mei in selde hobby as ynteresse organisearje harren yn ús ôfdieling yn ynteressegroepen. Wy ha op’t stuit trije fan dizze groepen. Sit jo groep der net by, sjoch dan ris op de provinsjale side en oars de lanlike. Der fine jo noch folle mear ynteressegroepen

Us ynteressegroepen binne:

Hantwurkjen

Ynljochtings by Afke Siderius, 058-2519277 as theunafke@Icloud.com

Fytsen

De earste tiisdei fan 'e moannen maart oant en mei oktober geane wy meielkoar te fytsen. In moaie rûte fan sa'n 35 oant 45 km. Ien fan dizze moannen meitsje we der in hiele dei fan, sa'n 50 oant 65 km.

Ynlochtings by Baukje Boersma, 058-2501868

Lêzen

Yn in winterskoft wurde fjouwer boeken lêzen en besprutsen.
Ynlochtings by Beitske van der Meer, 058-2896540

Sjoch foar mear ynformaasje oer ynteressegroepen en aktiviteiten fjirder op dizze side en ek op de provinsjale en lanlike side.