Fytsgroep

De fytsgroep fan ôfdieling Baarderadiel giet elke earste tiisdei fan 'e moanne fan febrewaris oant novimber in rûntsje te fytsen. Elke kear in oare rûte fan sa'n 35 oant 45 km, útset troch ien as twa fan de leden. Fansels ha wy dan ek in stop mei wat drinken as in "snoepstop". De groep is sa'n 20 leden grut.

Ien kear yn't jier geane we in hiele dei út fytsen. De lingte is dan 50 oant 60 km. Oan 'e ein fan dizze tocht geane wy meielkoar út iten. 

Wy starte yn eigen omkriten en ha eigen fytsen, gewoane as elektryske. As groep dogge wy ek wol mei oan de provinsjale fytsdei. Dizze is meast yn in oar part fan Fryslân. 

Baukje Boersma hat de lieding fan dizze groep en kin jo noch folle mear fertelle. Har tillefoannûmer 058-2501868.