
Vrouwen van NU Reduzum e.o
FEESTLIET 100 JIER Vrouwen van Nu REDUZUM e.o.
(op de wize fan: It feintsje fan Menaam)
Dit jier dat is ús jier
de flagge kin no op de toer
wy binn’ in hechte klup
en bliuwe sterk en stoer
Hoera-ja-ha
want wy bestean al 100 jier
‘t is prachtich, earlik wier
wy feeste mei plesier.
Us fytske komt fan stâl
wy sjeze troch de hikkedaam
wy stekke fiks fan wâl
sá bliuwe wy jongfaam
Ha-ha-no -ja
want wy bestean al 100 jier
in wûnder, earlik wier
wy fytse mei plesier.
Wy gean sa graach op stap
nei al dy jûnen yn ’t Lokaal
wy leare wer wat nijs
en komme op ferhaal
Ja –ha- no-sa
want wy bestean al 100 jier
gesellich, earlik wier
wy harkje mei plesier.
Us freonskip stiet foarop
wy hawwe wille mei elkoar
wy prate fleurichop
en binn’der foar de oar.
Ha-ha-ja-ja
want wy bestean al 100 jier
bysûnder, earlik wier
wy glimme fan plesier.
Kom allegear mar mei
hjoed is it feest, hjoed bliuwt it feest
de hiele lange dei
de ein is der foar wei.
Hoera-ja-ha
want wy bestean al 100 jier
Reduzum, earlik wier
wy klappe fan plesier!
Baukje Wytsma