Lukse cruise

De froulju fan no wiene ûnderweis,
Nei Ljouwert foar in lúkse boatreis.
Mei sierlike huodsjes op’e kop,
Giene se yn Ljouwert it wetter op.

De cruise gie oer de Dokkumer Ie,
Sa’t matroas Marjolein út’e doeken die.
Sa’n fjirtich froulju byinoar, dat gie der omwei,
Se keakelen wat ôf, in hinnehok wie der neat by.

Mar as Rjimke ferskes spile op har akkordeon,
Dan song elk út folle boarst mei yn’e  salon.
Ek Baukje har feestliet lei goed yn’t gehoar,
We foarmen mei-inoar in prachtich koar.

By in cruise heart fansels ek in “high tea”,
Dy’t út alderhande lekkere hapkes bestie.
Fan hertich oan’t swiet, it koe wier net better,
De “Gaasterland” sakke hieltyd djipper yn’t wetter.

Sa koersten we op Dokkum oan, mar dêr gie it mis,
De brêge wie ticht, foar de skipper in grutte hindernis.
Hy moast efterút farre, omdat er gjin plak om te kearen wie,
No die lykwols bliken dat er syn mantsje wol stie,

Fakkundich en op oanwizingen fan syn frou,
Brocht er ús feilich werom nei de stêd fan de Aldehou.
Underweis namen we ek noch in pear ferstekkelingen mei,
Twa âlde wyfkes, dy kamen alhiel út Amearika wei,

Se fertelden ús hoe it dêr om en ta gie,
En fan beppe Berber dy’t sa ûnwennich wie.
It die bliken dat se net mei lege hannen kaam wiene,
Mar sân flachjes meinamen, dêr’t de froulju noch ferlet fan hiene

Yn Ljouwert wie ús moaie reis foarby.
De ôfsluting fan de Vrouwen fan Nu feesterij.
Mar wat ha we it op ús reiskes gesellich hân,
Sa meielkoar op paad jout in waarme bân.

No even rêst, dat is wolfertsjinne,
En dan fol moed oan in nij programma begjinne!
Froukje Popma

Besjoch de foto’s fan alle trije útstapkes