Fan Tsetsjenië nei Wâldsein

Louiza Saitova is yn Grozny yn Tsjetsjenië berne. Oant har 18e koe sy har de ferhalen net yntinke hoe't it wie yn de Twadde Wrâldoarloch. Yn 1994 moast se har eigen oarloch meimeitsje yn Grozny. Doe't de huzen fernield waarden yn Grozny en sy 3 dagen yn in kelder ferskûle hie, is sy flechte mei papieren en in pear tassen fan doarp nei doarp. Sy tocht dat it net lang duorje soe, alles stie yn 'e brân, se wist dat se gjin thús mear hie. Ek wie se benaud dat se ferminkt wurde soe en dat se dan net mear in man en bern krije koe. Famkes en froulju waarden ferkracht, freonen en famylje stoaren, mar hoe raar ek, jo wenne der oan.

Yn maaie 1995 hat Ruslân in fredespakt ûndertekene, sy gie werom nei Grozny, it stonk dêr en alles wie fernield. Har heit libbe noch en se koene noch wenje yn har flat. Louiza mocht nei Moskou om muzyk te studearjen. Dêr makke se freonen en sy demonstrearre mei tsjin de oarloch mei Tsjetsjenië. Yn 2000 gie se werom nei Grozny. Se hie har man kennen leard en se trouden. As je troud binne ha je oare soargen. Har man moast nei Dagistan en bleau 3 dagen wei. Sy sjongt: "Kom terug, dan kan ons kind haar vader leren kennen". De Russen begûnen razzia's en de mannen dûkten ûnder. Doe't har man wûnder boppe wûnder frij kaam, binne se mei har dochterke fan 1 jier âld flechte, mar har man moast earst noch fan de martelingen herstelle. Nei 3 dagen flechtsjen en in spannende tocht binne sy yn Nederlân oankommen. Louiza sjongt:

Niemand wil het weten

En niemand wil het horen

Hoeveel kinderen

Tsjetsjenië heeft verloren

Maar ik wil het laten weten

Maar ik wil het laten horen

Hoeveel 1000 kinderen

Tsjetsjenië heeft verloren

 

Dy oarloch hie 35.000 slachtoffers.

Nei it skoft fertelt Louiza oer de wreedheden fan de oarloch. Sy sit altyd yn noed oer har famylje yn Tsjetsjenië. Sûnt dêr ynternet is is it kontakt better.

Nei 4 moanne asylsentra kaam se yn Wâldsein. Sy die in stúdzje sang, piano en guitaar oan de Hogeschool voor de kunsten yn Rotterdam en sûnt 2007 is muzyk har berop. Sy jout konserten "Rêden troch muzyk", lieding oan 5 koaren en les oan skoallen yn û.o. Joure en Snits.

Lytse dingen meitsje har gelokkich, de oarloch hat har feroare, de frijheid wol se net kwyt, it âlde Grozny bestiet net mear. Dêr is ynternet, sy skypet mei har famylje. Yn Tsjetsjenië dringe moslims it geloof op. In frouljusferiening is yn Tsjetsjenië net yn te tinken.

Louiza hat werom west, se hat it sels sa goed, se wol wat werom dwaan. No helpt sy in fuotbal alvetal, dy jonges binne handicapt troch de oarloch. Mei in stichting jout se proteses, dy wurde hjir kocht en dan dêr hinne brocht.

 

“Rêden troch musyk”, de titel fan it liet dat Louiza sels komponearre, is in gearfetting fan har libben. Hjirmei wûn hja yn 2010 de públykspriis fan ‘Liet’.

Fierder is sy ambassadeur fan ‘Vluchtelingenwerk Noord-Nederland’

Besjoch hjir in repotaazje fan Fryslân Dok die dit foarjier makke is oer Louisa. http://www.youtube.com/watch?v=Bz6h0MYAC6I

Dizze jûn is hielendal fersoarge troch it iendeisbestjoer fan Raerd.