21 januari 2025 - 10:00
tot
21 januari 2025 - 15:30
De Koperen Tuin, Prinsentuin in Leeuwarden en 't Haske in Joure
Prinsentuin 1, 8911 DE Leeuwarden
2e Lêzingdei Fryske Akademy-lêzingen
educatief, informatief, lezingDe sprekers op deze dag, 21 januari, zijn:
Sprekker: Prof. dr. Marien de Jonge, Radboud Universiteit Nijmegen Titel: ‘Infectie en immuniteit, afweer en bescherming’
Marien de Jonge is heechlearaar Infectie en Immuniteit oan it Radboud UMC/Radboud Universiteit. De Jonge ûndersiket de ynteraksje tusken sykteferwekkers, lykas firussen en baktearjes, en ús imuunsysteem, benammen yn de luchtwegen. It doel fan syn ûndersyk is mear begryp fan it ferrin fan ymmuniteit nei in ynfeksje. Dy kennis wol er dêrnei tapasse yn de ûntwikkeling fan sekuerder diagnostyk, en de ferbettering fan faksinaasje. Dêrneist ûndersiket er alternativen foar de gebrûklike faksinaasjerûte. De measte faksins krije minsken mei in nulle tatsjinne yn de spieren, mar somtiden leveret faksinaasje fia de hûd of luchtwegen in bettere ymmuniteit op. De Jonge sjocht nei de ûntwikkeling fan in faksin dat fia de noas tatsjinne wurdt foar beskerming tsjin besmetlike pneumokokkebaktearje, dy't yn kwetsbere groepen liede kin ta sepsis en harsenfluesûntstekking.
Sprekker: Dr. Johanneke Liemburg Titel: ‘Geertje Lycklema à Nijholt, 1938-2014 – Feministisch strategisch’
Johanneke Liemburg studearre politikology yn Amsterdam. Hja wurke as sjoernalist by de Leeuwarder Courant (1970-1973) en wie stêfmeiwurker by de Fryske Kultuerried (1976-1981). Foar de PvdA wie se Steatelid fan 1978 oant 1995 en fan 1981 ôf ek fraksjefoarsitter. Se wie deputearre fan 1987 oant 1994 (mei as portefúljes kultuer, sosjaal-kultureel wurk, emansipaasje, jeugd, lytse kearnen en finânsjes). Fan 1994 oant 1998 wie se lid fan de Twadde Keamer en dêrnei koördinator fan emansipaasjeburo Equa. Yn 2000 waard se boargemaster fan Littenseradiel oant dy gemeente by de weryndieling yn 2018 opdield waard yn trije oare gemeenten. Yn 2010 promovearre se oan de Rijksuniversiteit Groningen op Fedde Schurer (1898-1968), dêr't se in biografy oer skreau. Yn 2023 ferskynde fan har hân in biografy oer Geertje Lycklama à Nijeholt (1938-2014).